Ferûntrêste âlden hâlde twivels oer keunstgers

Fuotbalje op keunstgersfjilden is feilich, dat blykt út nij Europeesk ûndersyk, dat tiisdei bekend makke waard. It giet dan om de rubberen kerrels dy't op de fjilden lizze. De kâns dat dy kanker feroarsaakje soe mar hiel lyts wêze. Wol is it advys om goed te fentilearjen as it fjild binnen leit. Ut de kerrels komt in stofke dat foar yrritaasje oan eagen en hûd soargje kin.
Mark de Haas fan de Facebookside 'Kom van dat gras af' is net oertsjûge troch it nije ûndersyk.
De Haas krijt dêrfoar fierstente folle reaksjes fan ferûntrêste fuotbalâlden. Dêr sitte ek reaksjes by fan âlden fan bern dy't siik wurden binne en tinke dat dat ferbân hâlde kin mei it sporten op keunstgers. 'Kom van dat gras af' hat hûnderten oanhingers. Dat oantal nimt noch hieltiten ta en der sitte ek ferskate saakkundigen by, lykas húsdokters en advokaten. De Haas hopet dat der nei ferrin fan tiid mear dúdlikheid komt oer de krekte risiko's fan sporten op keunstgers en dat de ferskate ûndersiken en ûndersikers inoar minder tsjinsprekke as op dit stuit noch it gefal is.