Oppepper sintrum It Fean

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan de Stichting Heerenveense School sjocht kânsen om it sintrum fan It Hearrenfean in flinke kulturele oppepper te jaan. By it gemeenteplein komme trije gebouwen frij. De stifting wol dy taheakje oan it besteande museum Willem van Haren en sa ien grut kultureel sintrum foarmje. Dêr soe ek in plakje komme moatte foar hoareka.
De Heerenveense School tinkt mei de plannen mear minsken te ynteressearjen foar kultuer.