Fûgelhúskes yn Ljouwert om flechtlingen te stypjen

Yn it sintrum fan Ljouwert wurde tiisdeitejûn 160 fûgelhúskes ophongen. Net om fûgels ûnderdak te bieden, mar om omtinken te freegjen foar flechtlingen. De fûgelhúskes steane symboal foar in feilich nêst, in rêstplak nei in flucht. It giet om in aksje fan de 'Samenwerkende Noodopvang Friesland', mei it each op de kommende Twadde Keamer-ferkiezingen. Benammen yn it sintrum fan Ljouwert komme in soad fûgelhúskes te hingjen.
De gearwurkjende needopfang hat der mei sin foar keazen om net op de sosjale media, mar yn de stêd sa'n aksje te hâlden. Sy hoopje om de minsken sa ta tinken oan te setten. De organisaasje jout gjin konkreet stimadvys, mar is wol út op moderaasje foar de kwetsbere posysje fan flechtlingen.