Kollum: "De flauwekul fan it enerzjylabel"

"Stel jim it folgjende foar: in hûs dat jierren te keap stien hat is lang om let ferkocht. It is fan âldere minsken dy’t goed by de tiid binne, skerp fan geast mar krekt wat minder op ’e hichte mei de wurken fan de digitale wrâld.
Sûnt 2015 binne eigen wenningbesitters ferplichte om in enerzjylabel foar te lizzen as harren hûs ferkocht wurdt. Dat enerzjylabel moat oanfrege wurde. No hà alle huzen al in label, mar dat is in ynskatting fan de Oerheid op basis fan in wiete finger en in wiete skeet. Sels oanfreegje dus. As men dat net docht kriget men in boete dy’t ta €400,- euro oprinne kin. Om it label oan te freegjen moat men mei DigiD ynlogge op in site. En sa begjint de ôfdaling yn de hel fan Dante. Of yn dy fan Kafka.
De man fan it stel, lit ik him Roel neame, giet der mei moed op yn. No is DigiD like handich as de hantlieding foar it yninoar setten fan in ynrinkast fan de Ikea, en dus slagget it him net. Dat betsjut dat er in kertier wachtsje moat foar’t er it wer besykje kin. Dat docht er. En wer slagget it him net. Om wille fan de lingte fan dizze kollum fetsje ik it ferfolch fan syn lijenswei gear: in bloeddruk dy’t heger is as de beurskoersen yn Azië en in toetseboerd dat wei wurdt ûnder plôken hier dy’t er út de plasse ropt hat. Mar foar’t er de laptop mei in moker dwerstroch slacht ropt er help yn. Dy eaget it slachfjild oer en beslút om in nij DigiD oan te freegjen.
Tsien dagen letter krûpe se tegearre achter de laptop. Se toetse de nije koade yn en wurde kjel as de fraach ‘Dit is een onbeveiligde verbinding, wilt u doorgaan?’ op it skerm ferskynt. Mei in beskate deadsferachting klikt de help ‘okee’ oan. En wat tinke jim, se komme deryn! Roel en syn help, lit ik hat Katrina neame, sjogge dat it hûs it label D hat. Wat folget is in hiele trits fragen dy’t sawol de lever kidelje as oanstriid ta fraude stimulearje. Fragen oer isolaasje, dûbeld glês en cv-tsjettels. Oan it ein fan de rit folget in fraach oer bewiisstikken. Bontsjes, rekkens of foto’s fan termopeen ruten of in tsjettel dy’t fyftjin jier lyn ferfongen is…
By dy tiid kleuret ek it wyt fan de eagen fan Katrina bloedread en freget se Roel wêr’t de moker is. Mar foar’t se de laptop oan gruzeleminten slagge betinke se om alle fragen mei ‘âld’ yn te foljen. Dan hoechst gjin bewiisstikken oer te lizzen en krijst it leechste label, dat fan F. Sa betocht, sa dien. It label F ferskynt op it skerm. Dat moat neisjoen en goedkard wurde troch in erkend adviseur. Dêr blike in hiele protte fan te wêzen, en ek dat kin gewoan digitaal. It djoerste buro freget €33,- euro, it goedkeapste ien euro, ynklusyf btw. Se nimme dy fan ien euro en de oare deis leit der in befêstiging yn de mailbox.
It enerzjylabel is op tou set om oan Europeeske wetjouwing te foldwaan. Idealistysk, mar yn de praktyk hat it neat om de hakken. It is in sjoemellabel dêr’t minsken jild oan fertsjinje. Ek al is it mar ien euro."
Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.