Dokterswacht krijt hjoed nije ferfierder

It is tiisdei de lêste dei dat Kijlstra út Drachten it ferfier fan Dokterswacht Friesland docht. It kontrakt rint ôf en Witte Kruis nimt it ferfier oer. 22 sjauffeurs ha de oerstap makke fan Kijlstra nei Witte Kruis en der binne ek 16 nije sjauffeurs bykaam. Sy sille allegearre opliedingen folgje om harren fierder te ûntwikkeljen yn it wurk.