Learlingen gean yn debat mei aspirant-Keamerleden

Op it Stellingwerf College yn Easterwâlde waard moandeitejûn in debat hâlden yn 'gewoane taal'. Treddejiers vmbo-learlingen giene yn petear mei aspirant-Keamerleden oer ferkiezingstema's. De âlden fan de learlingen en in groep minsken dy't net goed lêze en skriuwe kin, dienen ek mei oan it debat. De politisy waarden dêrby útdage om te debattearjen yn 'gewoane taal'.
Yngewikkeld
Ut ûndersyk docht bliken dat guon ferkiezingsprogramma's te yngewikkeld binne foar minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne en dat ek in tal vmbo'ers muoite hat de programma's te begripen. Dit debat wie bedoeld om de polityk tagonklik meitsjen foar dizze groepen.
By it debat wienen ûnder oare Christa Oosterbaan (PvdA), Gerben Huisman (ChristenUnie) en Harry Bevers (VVD) oanwêzich. Rinie van der Zanden waard útroppen ta winner fan it debat. Sy brûkte de meast 'gewoane' taal, sa wie it oardiel fan de sjuery.