It Amelân betinkt takom jier walfiskfarder Hidde Dirks Kat

It Amelân hat grutte plannen foar 2018. Der wurdt dan net allinnich feestfierd fanwegen Kulturele Haadstêd, mar op it eilân wurdt ek wiidweidich stilstien by Hidde Dirks Kat (HDK). Yn 2018 is it presys 200 jier lyn dat it deiboek fan walfiskfarder Kat útkaam. Yn it boek 'Eener reize ter Walvisch- en Robbenvangst gedaan in de jaren 1777 en 1778' fertelt Kat oer syn reis nei Grienlân en de oerwintering by it Inuit-folk.
Aktiviteiten
De Amelanners sille ferskate aktiviteiten organisearje yn 2018, mei Kat as reade tried. Sa komt der in muzyk- en teäterspektakel, in ferhalefestival en in walfiskfeart-filmfestival. Ek wurdt der in fertaling fan it deiboek fan Kat makke en komt der in Nederlânske oersetting fan it Fryske boek 'Duveldei op Grienlân' fan Ype Poortinga. De dichtbondel 'Op de breuklijn van het ijs' oer Kats, mei tekeningen fan Egbarta Veenhuizen, is yntusken al publisearre. Spesjaal foar HDK2018 wurdt der ek noch in Arktysk itensiedersboekje makke.
De twa stichtingen dy't ferantwurdlik binne foar HDK2018, wolle by de aktiviteiten safolle mooglik oanslute by al besteande festivals, lykas Kunstmaand en MadNes en by de musea op It Amelân.