Buert Drachten freest oerlêst

Kriminele jongeren krije gjin plak yn de opfanglokaasje dy't de Pi-groep begjinne wol yn it Frysk kongressintrum yn Drachten. Dy tasizzing die direkteur Nijboer moandei op in ynformaasjegearkomste. Dêr waarden de plannen taljochte om jongeren tusken de 17 en 24 jier dêr op frijwillige basis ûnder te bringen yn de hotelkeamers. De buert is dêr foar it grutste part op tsjin. Se bin benaud foar oerlêst en it is har net dúdlik hokker jongeren der krekt komme.