Efterfolging út Oerisel einiget tsjin Ljouwerter muorre

© ANP
In automobilist (32) út Ljouwert is snein nei in lange efterfolging oer de A32 oanhâlden. De man wie yn Oerisel útnaaid, nei't hy fan de plysje in stopteken krigen hie. De plysje wachte him by It Hearrenfean op en ried achter de man oan. By de efterfolging ried de Ljouwerter 160 kilometer en helle ferskate kearen rjochts yn.
De efterfolging einige doe't de man op de Marowijnestrjitte yn de Ljouwerter wyk Nijlân tsjin in muorre botste. De man besocht út te naaien, mar de plysje koe him oanhâlde. De man hie gjin rydbewiis.
Der is in bloedproef ôfnaam omdat hy mooglik ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. De man sit fêst foar fierder ûndersyk. In frou dy't by de man yn de auto siet, is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De man krijt yn alle gefallen in wiidweidich proses-ferbaal foar it negearen fan stoptekens fan de plysje, foar fierstente hurd ride, it riden sûnder rydbewiis en twa kear rjochts ynhelje op de autodyk.