SC Hearrenfean pakt trije punten tsjin Roda JC

Nei fiif wedstriden sûnder winst, is SC Hearrenfean der wer ris yn slagge trije punten te pakken. Yn it Abe Lenstra Stadion waard Roda JC ferslein mei 3-0.
Hearrenfean hie muoite om kânsen te kreëarjen en tempo yn de wedstriid te hâlden. Yn de 54e minút krige Hearrenfean in fjildoerwicht troch in reade kaart foar Roda-spiler El Makrini. De Feansters rûkten bloed en yn de 60e minút kopte Schmidt de ferlossende 1-0 tsjin de touwen nei in frije traap. Veerman tekene krekt foar tiid foar de 2-0 en Reza benutte in strafskop yn de blessueretiid.
Troch de winst stiet SC Hearrenfean no op it 6e plak yn de earedifyzje mei 36 punten.