Opmerklike comeback Aris yn 'wedstriid fan it jier'

De basketballers fan Aris binne der sneon op spektakulêre wize yn slagge de wichtige wedstriid tsjin Apollo Amsterdam te winnen. It waard 102-88. Foar de Ljouwerters wie dit 'de wedstriid fan it jier'. Troch de winst op direkte konkurrint Amsterdam meitsje se nammentlik noch in kâns op de play-offs. By ferlies wie it seizoen feitlik foarby west foar Aris.
Aris rûn al gau efter de feiten oan en nei it earste kwart stie it dan ek 28-20 foar de besikers. Amsterdam rûn dêrnei rap út nei 45-27. Ek yn it tredde kwart wie Amsterdam better, dat yn 65-49 ôfsluten waard. Mar Aris makke yn it lêste kwart in enoarme comeback, wêrtroch't in ferlinging nedich wie. En dy wûn Aris úteinlik noch, sadat der by it einsinjaal 102-88 op it skoareboerd stie foar de Ljouwerters.