Follybalfroulju VC Snits begjinne goed oan kampioenspûl

VC Snits (hjir op argyffoto) © Martin de Jong
De follybalsters fan VC Snits binne freed goed úteinset mei de play-offs yn de kampioenspûl. Dit diene se troch yn fiif sets de froulju fan Flynth Flamingo's yn Gennep mei 3-2 oan de kant te setten. Nei trije sets seagen de Snitser froulju tsjin in 2-1 efterstân oan. De earste set hiene se krekt wûn (27-25), wylst de twadde en tredde set frij maklik troch de tsjinpartij wûn waard (25-18 en 25-16). Yn de fjirde set herpakten de Snitsers harsels (25-14) en koene se de wedstriid nei har ta lûke. De lêste set waard oertsjûgjend mei 15-7 wûn.
Yn de play-offs yn de kampioenspûl spylje de seis heechste follybalteams yn Nederlân om it kampioenskip. Se spylje allegearre twa kear tsjin inoar. Ien wedstriid út en ien wedstriid thús. It team dat it heechste einige is yn de reguliere kompetysje, begjint de kampioenspûl mei fiif punten. Snits is as tredde einige yn de kompetysje en begjint hjirtroch de play-offs mei trije punten. Hjir komme de punten fan de oerwinning op de Flamingo's noch by.