FIDEO: "Sjinkie giet foar de wrâldtitel"

Shorttracktopper Sjinkie Knegt giet foar de titel op it WK shorttrack, oer twa wiken yn Rotterdam. Dat seit syn coach Jeroen Otter. Hy wit dat de ynternasjonale konkurrinsje enoarm is, mar tinkt dat de mooglikheid der wol is. Hy hat dit seizoen al sjen litten op alle ôfstannen op it poadium einigje te kinnen.
Ek Suzanne Schulting docht mei om de prizen. Beide shorttrackers sjogge tige út nei it wrâldkampioenskip yn eigen lân.
Sjoch foar de folsleine útstjoering fan Fryslân Hjoed op de programmaside.