Hast 18.000 bern helpe pake en beppe de fakânsje troch

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Musea, argiven en teäters ha it dizze maitiidsfakânsje drok mei minsken dy't delkomme mei de pake- en beppesizzers. Oant no ta ha hast 18.000 bern mei pake en beppe meidien oan aktiviteiten dy't der organisearre wiene. In soad musea lutsen mear besikers as ferline jier, guon sels twa kear safolle. Krekt as alle jierren luts it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert de measte minsken.