Generaasjehûs Gerkeskleaster-Strobos kin los

© ANP
It generaasjehûs yn Gerkeskleaster-Strobos kin los. Nije wike keapet de doarpskoöperaasje offisjeel it âlde skoalgebou dat se dêr foar op it each hie. De âlde skoalle moat it sintrale plak yn it doarp wurde, dêr't jong en âld elkoar treffe kinne. Der komme ferskate ynstânsjes yn, sa as jeugd- en âldereinsoarch, de húsdokter, de biblioteek en de berne-opfang.
It tekenjen fan it keapkontrakt betsjut dat de inisjatyfnimmers no op syk kinne nei mear jild om de plannen rûn te krijen. It gebou kin yn elk gefal alfêst brûkt wurde.