"Boargemasters moatte net meiwurkje oan aaisykjen"

Ljipaai © Omrop Fryslân
Fryske boargemasters moatte net meiwurkje oan it sykjen fan it earste ljipaai yn elke gemeente. Dat skriuwt de Faunabeskerming yn in brief oan alle 24 boargemasters. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat besletten om dit jier net te aaisykjen, mar wol it wedstriidelemint fan it sykjen nei it earste aai wol trochgean litte. Nei't it earste aai fûn is, wurdt net fierder socht. Neffens de Faunabeskerming mei dat ek net. It aaisykjen is allinne tastien as it folslein rjochte is op nêstbeskerming en dêr is gjin sprake fan, seit de organisaasje.