Kollum: ''Boeresoan''

''Binnen 24 oeren waard de ynskriuwing al wer sletten. It ministearje fan Ekonomyske Saken iepene moandei in regeling foar boeren dy’t harren kij ferkeapje wolle. Sa’n 500 boeren skreaunen harren dêr foar yn, en dat wie fjouwer kear safolle as der yn totaal begrutte wie - der sil no lotte wurde oer wa’t it kriget.
Ut de berjochtjouwing sprekt fernuvering oer dat safolle boeren der mei ophâlde wolle. My fernuveret it neat. Elke dei hâlde der sân boeren mei op. Dat binne net allinnich melkfeehâlders, mar de kâns is grut dat dy 500 dy’t harren oanmelden hawwe foar de regeling, sawiesa al fan doel wienen dit jier der mei op te hâlden.
It is gjin minne regeling. Krigest 1200 euro de ko, en dat is gau trije kear safolle as’t der foar krigest ast him nei de merk stjoerst. Yn ’e twadde en tredde ronde fan de ynskriuwing krigest minder de ko, dus de boeren sieten der boppe-op.
Ast sa fan dyn fee ôf kinst, hoechst allinnich noch mar rûchwei út te rekkenjen wat dyn lân, pleats en miskien noch wat ark wurdich is, en setst dyn hypoteken der tsjinoer. Wêrom soest dan net ophâlde? Ik tink dat by de measte boeren de romantyk en nostalgyske gedachten by it boerelibben der ûnderwilens wol wat ôf binne.
De molkepriis wie ferline simmer in pear moannen lang 25 sint de liter. De kostpriis de liter is folle heger. It is no 35 sint de liter, mar yn it foarjier rint de priis tradisjoneel altyd wer wat nei ûnderen - der wurdt mear molke levere wannear't it gers begjint te groeien. It fljocht op en del.
Dus wat is it foarútsjoch foar in boer. Wis, moai op ‘e romte, yn ‘e greiden wurkje en alle dagen dy prachtige bisten om dy hinne. Mar de minsken wolle net betelje foar watst makkest. En dat knypt.
De minsken wolle dat kij bûten rinne, dat se farsk gers frette, en dat der de ko mear kante meters binne. De boer fynt dat prima, mar it hat fansels al in priis. En… nee, dat wolle we dan net betelje.
De minsken wolle dat kij minder fersmoargje. Wylst ien kear fleane nei Saint Tropez like folle CO2-útstjit feroarsaket as in jier lang fleis ite. It fleis kin bêst noch skjinner, mar dat kostet al wat.
De minsken tinke dat molke net goed is foar se. It is foar kealtsjes, net foar minsken, roppe se. Nee, kola, dat is foar minsken. In liter kola is trouwens yn ‘e super djoerder as in liter molke.
Prima. Gjin probleem, tinkt de boer. Mar put your money where your mouth is: betelje in earlike priis foar de molke en de kij frette blomkes, se skite potgrûn en meist alle dagen tsjin in ko oan yn sliep falle ast dat wolst. Oars hâlde we der mei op.
It doel fan de opkeapregeling is om 60.000 kij minder te hawwen yn Nederlân. Dêrmei wol it ministearje de fosfaatproduksje mei 2,5 miljoen kilo werom bringe.
Se hawwe der 42 miljoen euro foar. Der sil no lotte wurde hokker boeren yn oanmerking komme om útkocht te wurden. De boeren sille it bêst fine, it útsjoch fan in lotterij. Dizze is mear foarspelber as harren takomst oant no ta is.''
Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.