Troch stoarm minder ôffearten nei Skylge en Flylân

De fearboat fan Rederij Doeksen nei Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Rederij Doeksen hat fanwege de stoarm dy't tongersdei ferwachte wurdt de feartsjinsten oanpast. Der farre minder fearboaten nei Skylge en Flylân. De ôffearten fan trije oere en healwei seizen fan de boat fan Harns nei Skylge komme te ferfallen, lykas de middeistsjinsten nei Flylân. De fearboaten yn de jûnsoeren farre wol. De sneltsjinst fart wol neffens skema.
It KNMI hat fanwege swiere wynstjitten koade giel útroppen foar tongersdeitemiddei en -jûn.