'Stoppersregeling' hat net lang negatyf effekt op feemerk

De 'stoppersregeling' foar boeren sil mar tydlik in negatyf effekt ha op de prizen fan kij op feemerken. Dat ferwachtet foarsitter Andries Kingma fan de feemerk yn Ljouwert. Troch de regeling dogge boeren sa'n 60.000 kij fan de hân. Dy gean nei de feemerk, mar mei om't dat net allegearre yn ien kear bart, ferwachtet Kingma gjin langduorjende effekten. Allinne de kommende moannen sille de prizen wat leger wêze. Dat der net langer in negatyf effekt is, komt om't yn it bûtenlân noch wol ferlet is fan fee.
Benammen Dútske boeren wolle noch fee keapje. De ôfrûne wike waarden per kear al sa'n 700 kij oanfierd op de Ljouwerter feemerk, wylst dat gewoanwei sa'n 450 binne. Kingma ferwachtet woansdeitejûn noch mear drokte, omdat it ynskriuwen foar de 'stoppersregeling' dizze wike west hat. Neffens him kin de Ljouwerter feemerk dy ekstra drokte prima oan.