Kollum: "Bus"

"Ik wenje yn De Gaastmar. Dêr komt hast noait in bus. Dat is ûnderdiel fan de strukturele provinsiale besunigingen. Sa no en dan komt der noch wolris in bus, mar dy is frijwol leech. As der hast noait in bus is, dan keapje jo nammentlik in fyts of in auto.
Dus dy lege bus by ús rydt oer lytse dykjes. Mar dan kin je net foarby ride mei de auto. Dat soenen je wol graach wolle want yn tsjinstelling fan wat der yn grutte plakken bart neffens de sjauffeurs ride dy bussen by ús hartstikkene langsum. Want se lizze hieltyd fier foar op it skema wat der fan útgiet dat by elke halte lju yn- en útstappe. Mar dy lju bin der by ús en gâns oare plakken yn Fryslân net. De bus mei net te gau by de halte wêze, want as je dêr lang stilstean sûnder dat ien út- of ynstapt dan begjint dy lange rige auto’s efter dy bus te toeterjen, want se kin net by de bus lâns. Dus dan rydt dy bus mar wer fuort, fierstente langsum. It bart wolris dat in bus 20 rydt op in 80 dykje. No dan baarnt it yn dy auto’s.
Dus is it foar ús suver frjemd dat dy sjauffeurs no allegear lizze te skriemen om't se te hurd ride moatte. 50 of 60 troch de 30 km wiken. No wit ik net werom as se dêroer seure, want ik tref komselden in auto oan dy’t 30 rydt op in 30 dyk, se ride allegear hurder. Mar goed, Arriva-sjauffeurs binne fan in spesjaal skaai en dy dogge nea in ingeltsje yn in lúsjefersdoaske, dus dy ride ek nea in sintimeter te hurd. En miskien is dat ek wol goed, want de tsjinstregeling fan Arriva doocht fansels foar gjin meter. Mar dan komme we yn dat frjemde ferhaal dat de provinsje sa no en dan in wedstriid útskriuwt wa’t it goedkeapste sa hurd mooglik by alles lânsfleane wol. Dat hoege se inkeld mar ta te sizzen. Net ien sei it ta, útsein Arriva want dat wol alles yn hannen ha. “Wy dogge dat wol.”
It blykt no dat soks net kin. Dat ha wy allegear foarút al sein, mar deputearre Jehannes Kramer leaude Arriva as iennige. Hy krige yn it kolleezje allegear komplimintsjes fan syn CDA bazen dat er safolle jild oerhâlden hie. En doe wie’t alderstomste noch net dien. Dat die Arriva. De foargonger fan Arriva hie allegear moaie lytse buskes, mei ek noch moai útsicht, dus dêr stapte noch wolris in rekreant yn. Moaie smelle buskes, geskikt foar Fryslân. Arriva rydt no wer mei brede bussen oer dy lytse dykjes tusken de 419 doarpen fan Fryslân. Breder as de helte fan dy dykjes. Dat hâldt nochal op. Want op dy lytse dykjes en ek yn 30 km wykjes en doarpkes ride grutte, noch bredere trekkers, en hiele brede en te lange frachtweinen. Dat betiisd allegear ynelkoar. It sjit net in meter op. Ik ha lêsten op de dyk De Gaastmer-Heech in bus, in trekker en in Campina wein efter in fytser krûpen sjoen. Dy koenen se net foarby komme, want fan de oare kant kaam in kuierder. As der net safolle mollebulten yn de berm lein hiene, hie ’k my dêr ynrôle fan it laitsjen.
Je moat net laitsje. Je moat janke. Dat dogge de sjauffeurs fan Arriva lokkich al. Mar dat moat we allegear dwaan. We ha mei syn allen it ferkear yn Fryslân fernield. Sjoch ris op de dykjes nei rinners en fytsers, dy’t allegear weiblaasd wurde troch bussen en trekkers. Dus krij we allegear wer aparte fytspaden sadat we op Drinte begjinne te lykjen. Se wolle no ynienen wer trije fytstunnels ha ûnder de dyk Balk-Koudum. Hie dat daliks dien, no kostet it miljoenen mear.
Hoewol, it is in foarstel fan de FNP. Dy seit ek tsjin de provinsje pak dy dyk nei Starum no ris oan, it lêste karrepaad fan Europa. Mar har eigen Jehannes Kramer sit dochs al jierren yn it provinsiaal bestjoer. Dy soe soksoarte dingen der trochskuorre moatte en oars ôfheakje. Mar dy hat it net oan tiid. Dy sit te rekkenjen hoefolle goedkeaper dy bus noch kin.
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.