'De ring van Koning Salomo' yn race foar Woutertje Pieterse
It boek 'De ring van Koning Salomo' fan Lida Dijkstra makket kâns op de Woutertje Pieterse Priis. Dit is in priis foar it bêste oarspronklik Nederlânsktalige jeugd- of berneboek. Oan de priis is in bedrach fan 15.000 euro ferbûn.
Njonken it boek fan Dijkstra, binne der noch fiif gadingmakkers foar de priis. Op 8 april wurdt de winner bekend makke.