Fytser (78) út Koatstertille ferwûne by oanriding

Fytser oanriden by Betonwei op De Harkema © De Vries Media
De fytser dy't moandei slim ferwûne rekke by in botsing op de Betonwei op De Harkema, is in 78-jierrige man út Koatstertille. It slachtoffer stuts oer op de krusing fan de Reitsmastrjitte mei de Betonwei en waard skept troch in auto mei oanhingwein. De fytser kaam hurd te fallen en syn fyts bruts troch de klap yn twaen.
De helptsjinsten rukten manmachtich út, ek is der in traumahelikopter ynset. De man is mei swiere ferwûningen nei it sikehûs brocht. De Betonwei wie fanwege it ûngelok tydlik ôfsletten foar it ferkear.