NHL docht ûndersyk nei game foar bern mei autisme

Hegeskoalle NHL sil ûndersyk dwaan nei nije ynstruminten om bern mei autisme te helpen. Dat dogge se ûnder oare mei de Hanzehogeschool yn Grins, Windesheim yn Zwolle en soarchynstellings Accare en Kinnik.
It ûndersyk moat nije wizen fan trainingen opsmite mei help fan bygelyks in tablet of in smartphone. Yn it ûndersyk stiet in bern mei autisme sintraal, de heit of mem fan in bern mei autisme en helpferlieners. Studinten pedagogyk en communication & multimediadesign kinne ôfstudearje op it projekt.
Neffens lektor Job van 't Veer fan it ynstitút Zorg & Welzijn fan de NHL binne de besteande trainingsmetoaden net altyd like effektyf. "Miskien kinne we metoaden ûntwikkelje dy't better oanslute by de beheiningen fan bern mei autisme," seit Van 't Veer. "Wat se leare yn de trainingen moatte bern faker yn it echte libben tapasse. Dat giet noch net goed genôch, sa fertelle de soarchynstellingen ús."