"Dizze man kin fertrekke, sûnder mear!"

Ien fan de fertochten fan de ûntfieringssaak yn Drachten, stie op in camping yn Boelensloane. In man út Almelo waard snein ûntfierd en belle de plysje om help. It ûndersyk late dêrnei nei camping Rêst mei Romte yn Boelensloane. Yn de caravan fan de man waard in fjoerwapen fûn. As it oan campingbaas Van der Schaaf leit, hoecht de 26-jierrige fertochte út Surhústerfean net mear werom te kommen op de camping: "It moat hjir nachts rêstich wêze. Dizze man kin fertrekke, sûnder mear! En ek elkenien dy't derby oanwêzich wie."
Neat fernaam
Van der Schaaf kin de fertochte net. Hy hat koartlyn ien kear spul mei him hân om lûdsoerlêst, mar wit fierder neat fan de man. Dat moat yn de takomst feroarje. De campingeigener wol tenei presys op 'e hichte wêze wa't der op syn camping stiet. "Ik wol sjen wa't ik krij. Ik wol dizze drokte net", seit er.
Fan de plysje-ynfal hat Van der Schaaf neat meikrigen. "It is sa Rêst mei Romte hjir, jo sliepe der gewoan trochhinne. Ik ha der neat fan fernaam!, seit er mei in knypeach. Hy hearde pas moandeitemoarn fan de ûntfiering en de plysje-ynfal.
Tsjûge
Campinggast Rietje Molenaar wie wol tsjûge fan de plysje-ynfal. Om kertier oer ienen yn de nacht sloech de hûn fan Molenaar oan nei't de plysje oankaam op de camping. "We zagen voldoende aan politie en twee politiehonden. Dat verliep goed en rustig. Toen hebben ze een inval gedaan in een caravan en daarna was de rust snel weer teruggekeerd." Molenaar is wol skrokken dat der in wapen yn de caravan fan de fertochte fûn is.
Van der Schaaf hopet dat de rêst no definityf weromkeart en dat soks net wer bart op syn camping Rêst mei Romte.