Ljouwert noch yn de race foar leukste winkel en strjitte

© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De Nieuwe Oosterstraat yn Ljouwert sit yn de twadde ronde fan de ferkiezing 'Leukste winkelstraat van Nederland'. Organisator NL Streets makke moandei de top 10 bekend. Yn de tuskenstân stiet de Ljouwerter winkelstrjitte op plak 2. Op de 'longlist' mei 25 kandidaten stie noch in Ljouwerter strjitte; de Kleine Kerkstraat. Dizze foel lykwols ôf nei de earste ronde.
By de leukste winkels stiet De Friese Streekwinkel Priuw út Ljouwert boppe-oan. Der kin de kommende wiken stimd wurde op sawol de leukste winkelstrjitte as de leukste winkel.
Op 10 maart om 10 oere wurde de winners bekend makke.