Snits Wyt Swart spilet lyk, romme winst VV Hearrenfean

Logo VV Snits Wyt Swart © Omrop Fryslân
Snits Wyt Swart hie goeie saken dwaan kinnen yn de haadklasse, mar de ploech bleau thús tsjin Hoogland hingjen op 2-2. Trochdat de nûmers ien en twa ek lyk spilen, bleau de skea beheine foar de Snitsers. VV Hearrenfean koe wol trije punten byskriuwe. De ploech fan trainer Marcel Valk wie mei 6-1 fierstente sterk foar de nûmer lêst Dieze West.
Op it fiifde plak fan de haadklasse stiet Snits Wyt Swart. Se steane no fiif punten efter op koprinner ADO '20. Hearrenfean klimt troch de oerwinning nei it tolfde plak.
Foarsprong
Sean de Ruiter sette Snits Wyt Swart al nei goed in kertier spyljen op in 1-0 foarsprong. Hoogland reagearre allinne fuortendaliks, want trije minuten letter sette Bas Wobbes de 1-1 alwer op it skoareboerd. Yn de twadde helte kamen de Snitsers goed út 'e klaaikeamer. Freerk de Jong kaam ien-op-ien mei de Hoogland-keeper en hy makke it goed ôf. Op 'e nij kaam Hoogland werom yn de wedstriid. Wobbes tekene yn de 57ste minút foar de lykmakker: 2-2. De lêste tweintich minuten moast de ploech fan trainer Berry Zandink mei tsien man fierder. Keeper Kevin van der Meulen krige in reade kaart.
Romme oerwinning Hearrenfean
Hearrenfean like in drege middei te krijen, doe't Dieze West al nei fjirtjin minuten op 1-0 kaam. Mar, nei it skoft koene de Feansters it rjochtsette. Troch goals fan Jasper Brouwer, Kevin Regts (2), Jacco Kuiper, Thom van Lingen en Niels den Haan waard de efterstân ombûgd yn in 1-6 oerwinning.