Simon Schouten wint maratonriden yn Deventer

Simon Schouten út Andijk hat it maratonreedriden sneontejûn yn Deventer wûn. Yn de sprint wie hy krekt wat rapper as Bart de Vries. Tred waard Sjoerd den Hertog. In groep fan acht man gie rûn en dûbele it peloton. Foaral de oanfal fan Jorrit Bergsma waard Gary Hekman fataal doe't dy mei in groep nei de kopgroep ride koe. Jorrit Bergsma ried yn de finale ronden lang op kop om Schouten oan de winst te helpen. Schouten liedt no ek it KPN klassemint.
By de froulju hat Francesca Lollobrigida wûn. Twad waard Irene Schouten en tred Iris van der Stelt. Yn it klassemint hâldt Elma de Vries de liedende posysje.