Plysje pakt bestjoerder mei drank op

© ANP XTRA
In 42-jierrige ynwenner fan Ljouwert is freedtenacht oppakt omdat er mei drank op achter it stjoer siet. De plysje seach de man it Ruterskertier opriden. Hy parkearde syn auto op it Harmonieplein. Omdatst mei de auto it Ruterskertier net yn meist, spruts de plysje de bestjoerder oan. Ut in blaastest die bliken dat er te folle dronken hie. Hy moast mei nei it buro. De man moat meikoarten foar de plysjerjochter komme. Ek moat er in kursus folgje oer de gefaren fan alkohol yn it ferkear.