Soulsjonger Dwight Dissels spilet Jezus yn The Passion

Soulsjonger Dwight Dissels spilet de haadrol fan Jezus yn de sânde edysje fan The Passion dy't dit jier yn Ljouwert hâlden wurdt. Hy makke dat freed bekend yn de finale fan The Voice of Holland.
Yn syn eigen karriêre kombinearret Dissels it leauwen en muzyk ek. The Passion is in produksje fan de EO en KRO-NCRV. It spektakel wurdt op tongersdei 13 april om 20.30 oere live útstjoerd op NPO 1.