Cambuur kin stuorke wikselje mei Almere yn klassemint

SC Cambuur kin wer trije punten byskriuwe. Yn Almere waard fûl striden, en wûn Cambuur mei 1-0 fan Almere City FC. Yn de earste helte leit it tempo heech, mar beide ploegen koene net folle kânsen kreëarje. Yn de tsiende minuut kriget El Baad kâns op de 1-0, mar hy koe de bal net tusken de peallen krije.
Almere koe it doel ek net fine. Zeinstra moast in pear kear yngripe om de 0-0 te hâlden. Yn de twadde helte hie Almere in pear goede kânsen, mar Cambuur pakte de foarsprong. Ut in foarset fan Barto koe Tissoudali de bal yn de goal krije.
Yn de lêste tsien minuten wie it lykwols noch spannend foar de fans fan Cambuur, om't Almere goede kânsen krige op gelykspul. Mar de Ljouwerters koene de goal skjin hâlde en dochs de trije punten byskriuwe. Dêrmei kin Cambuur stuorke wikselje mei Almere City yn it klassemint.