Balk hat wer in eigen VVV-stipepunt

Balk hat sûnt freed wer in lytse VVV. Toeristen kin foar alle ynformaasje en bonnen no telâne by it Bûterhûs oan Van Swinderenstrjitte. Dêr, oan de Luts, is in kofje- en teeskinkerij dêr't ek meiwurkers fan de JP van den Bent-stichting wurkje. Earder wie de VVV ûnderbrocht by moadewinkel Harcos, dat de doarren lykwols slute moast.
It VVV-stipepunt yn Balk makket gebrûk fan de lisinsje fan VVV, De Fryske Marren, Gaasterlân.