De stim fan Hamid: "Werk vinden is moeilijk"

Hamid Asgahari (41) is kleanmakker yn Dokkum. Hy komt oarspronklik út Afganistan. Fjirtjin jier lyn is er flechte foar de oarloch dêr. "Ik ben gewend hier, Nederland is goed. Met de kinderen gaat het goed, op school. Alleen is het moeilijk om werk te vinden. Mijn zoon kon geen werk vinden en is daarom naar Engeland gegaan voor werk. Zelfs een bijbaantje in de supermarkt is niet gelukt." Net allinne jonge minsken kinne dreech in baan fine, is syn ûnderfining, mar dat jildt ek foar âldere minsken. "Een vriend van mijn leeftijd is ook werkloos."
"Voor buitenlanders is dat moeilijker, ook omdat ze minder ervaring hebben." Hamid fynt it dreech om te betinken watfoar partij oft er stimme sil. "Den Haag moet zorgen dat iedereen kan werken na school, daar doen ze te weinig aan."
De stim fan...
Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezingen op ús ferkiezingsside.