Nije kampanje tsjin hûnestront: foarljochting en pûdsjes

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert komt mei in nije kampanje tsjin hûnestront op strjitte. De kommende wiken wurdt der ekstra kontrolearre op plakken dêr't faak in soad hûnestront leit. Dêr komme ek kampanjebuorden te stean. By oertrêdingen wurde der boeten útdield en krije de baaskes ek foarljochting oer hoe't it wol moat. Hûne-eigners dy't de stront opromje, krije fergeze pûdsjes dêr't se de stront yn dwaan kinne.
De wiken en doarpen yn de gemeente wurde ek belutsen by de kampanje. Sy krije posters en ek materiaal foar yn harren krantsjes. Neffens de gemeente Ljouwert leit der yn febrewaris en maart mear hûnestront op strjitte as yn oare moannen. Dan is der minder sosjale kontrôle en wurdt der minder faak meand. No moandei begjint de kampanje. Motto is: ''een schone gemeente, daar zijn we niet vies van! Een echt baasje houdt het schoon.''