Fryske bioboeren ôfreizge nei Dútske beurs BioFach

Minsken dy't wat mei biobuorkjen dogge, binne fêst op de hichte fan de biobeurs fan Europa: de Biofach yn Neurenberg yn Dútslân. Mei sa'n 45.000 besikers út goed 120 lannen is it in prima plak om te netwurkjen, nije ideeën op te dwaan of om je eigen bioprodukt yn de merk te setten.
In delegaasje út de trije noardlike provinsjes is tongersdei nei Dútslân ôfreizge, om de beurs te besykjen. Hjirby ek deputearre Johannes Kramer, hy fynt dat sa'n besite oan de beurs tige nuttich is.
Yn Neurenberg binne net allinnich mar Fryske besikers, mar ek Fryske standhâlders. De BioFach duorret noch oant no sneon.