Rutesmiter Ankers wer frij

De man dy't ferskate kearen de ruten fan it advokatekantoar Anker&Anker ynsmiet moat 72 dagen de sel yn, Dat hat de rjochter moandei bepaald. De straf is like lang as syn foararrest duorre hat en dêrmei is er dus wer frij man. De man mei 2 jier net yn 'e buert komme fan it kantoar en it wenplak fan de advokaten. De man wol oanjefte dwaan tsjin ferskate kriminele organisaasjes om Ljouwert hinne. Mei syn aksje wol hy dêr oandacht foar.
De man seit ek te witten wa't Marianne Vaatstra yn 1999 fermoarde hat. Ek de bruorren Ankers witte dat, mar hâlde neffens him alles tsjin, omdat se bannen ha mei de kriminelen.