Plysje hellet dronken Ljouwerter fan de dyk

Autoride ûnder ynfloed
De plysje hat woansdeitenacht in dronken Ljouwerter fan de dyk helle. De 58-jierrige man ried slingerjend oer de dyk. Ek wiksele syn snelheid hiel bot. De man is op de Heliconwei oan de kant setten.
Ut in blaastest die bliken dat er ûnder ynfloed fan alkohol wie. De Ljouwerter is de ôfrûne fiif jier al faker pakt foar riden ûnder ynfloed. Hy moat him meikoarten by de rjochter melde.