Vermilion wol begjinne mei seismysk ûndersyk Súdwest-Fryslân

Gaswinbedriuw Vermilion wol meikoarten begjinne mei seismysk ûndersyk yn in grut diel fan Súdwest-Fryslân. It ûndersyk wurdt dien om nije gaswinlokaasjes op te spoaren, mar ek om plakken te finen dy't geskikt binne om enerzjy op te wekken mei ierdwaarmte. De gemeente Súdwest Fryslân is dan ek wat dûbeld yn syn reaksje. De gemeente is tsjin nije gaswinlokaasjes, mar sjocht it opwekken fan enerzjy mei help fan ierdwaarmte wol sitten.
Yn kaart bringe
De gemeente hat boppedat wetlik sjoen gjin mooglikheden om it seismysk ûndersyk foar te kommen. Wethâlder Gea Akkerman tinkt dat it wol goed is dat mooglike lokaasjes foar ierdwaarmte alfêst yn kaart brocht wurde. De offisjele oanfraach moat noch troch Vermilion yntsjinne wurde. De gemeente seit dat dêrby skerp letten wurdt op de feilichheid foar de bewenners. Alle grûnbrûkers wurde noch apart benadere troch Vermilion. Letter komme der ek noch ynformaasjejûnen foar belutsen bewenners.
Top en Twel
Vermilion is al dwaande mei de tarieding fan it winnen fan gas by Top en Twel. In soad bewenners fan it doarp binne dêr op tsjin en doarpsbelang besiket de gaswinning mei juridyske prosedueren tsjin te hâlden.