Poepjes: "Gjin kontrakt foar bedriuwen dy't regels oertrêde"

De provinsje sil foarearst net mei bedriuwen yn see gean dy't earder in boete betelle ha fanwegen oertrêding fan regels. Dat sei deputearre Poepjes yn Provinsjale Steaten.
Steateleden hiene fragen oer de misstannen by de Sintrale As. Izerflechters ha fan de oannimmer te min betelle krigen en ek soene se te lange wurkdagen makke ha. Partijen woene fan deputearre Poepjes witte hoe't sokke misstannen yn de takomst foarkommen wurde kinne. Poepjes seit dat dit dreech is. De arbeidsynspeksje hat dêr mear foech foar.
Yn it gefal fan de Sintrale As wol Poepjes dat de haadoannimmer uterlik freed alles yn byld hat en de wurknimmers it ekstra lean betellet dêr't hja rjocht op ha.