"Provinsje moat opheldering jaan oer misrûne subsydzjejild"

It haadkantoar fan de Europeeske Kommisje yn Brussel © ANP
De fraksjes fan de ChristenUnie en D66 yn Provinsjale Steaten freegje opheldering oan Deputearre Steaten oer it misrinnen fan Europeesk subsydzjejild foar ûntslein winkelpersoniel. Ferline jier rekken hast 450 winkelmeiwurkers har baan kwyt. De fraksjes wolle witte hoefolle jild de provinsje binnen helje kinnen hie as dy wol in berop op de regeling dien hie. Drinte en Oerisel hawwe wol in berop dien op Europa en krigen 1,8 miljoen euro. Dat komt del op mear as 2.000 euro per persoan dy't syn of har baan kwytrekke is.
It jild koe brûkt wurde foar opliedingen en begelieding nei nij wurk. Fraksjefoarsitter De Vries fan de ChristenUnie sprekt fan in 'miste kâns'. It binnen heljen fan Europeeske subsydzjes wurdt foar Fryslân, Grinslân en Drinte dien troch SNN. Drinte hat by it oanfreegjen fan de Europeeske subsydzje yn dit gefal net gearwurke mei it SNN, mar wol mei Oerisel. De Vries wol no witte hoe't dat kin. Neffens him is SNN krekt oprjochte om sokke saken goed te regeljen.