Gemeente Ljouwert bliuwt by gunning oan Wilde Weide

De gemeente Ljouwert bliuwt by it beslút dat de skiep fan de 'Wilde Weide' it plak fan de skiep fan skieppehoeder Sam Westra ynnimme meie. Dat hat de gemeente Ljouwert tiisdei witte litten. It kolleezje fan b. en w. sjocht gjin oanlieding om op it eardere beslút werom te kommen. De ynskriuwers binne telefoanysk op de hichte brocht fan it beslút. Se hawwe no tsien dagen tiid om beswier te meitsjen.
It beslút oer skieppehoeder Sam hat hiel wat losmakke yn de stêd. Der is in aksjekomitee dat wol dat de Ljouwerter hoeder oan it wurk bliuwt.
De gemeente Ljouwert ferlear koartlyn in koart pleit fan skieppehoeder Sam Westra, dy't de gunningsproseduere ferlear, mar sjocht dêr no gjin oanlieding yn om ta in oar beslút te kommen. Westra hat sûnt 1 febrewaris gjin ynkomsten mear. In aksjekomitee is ferline wike úteinset mei in crowdfundingaksje om Westra en syn skiep troch de winter te helpen. It aksjekomitee giet der fan út dat de gemeente Westra wol in regeling oanbiede sil.
It aksjekomitee 'Pro-Sam en zijn kudde' is bot teloarsteld yn de hâlding fan de gemeente Ljouwert. Dy makke tiisdei bekend dat se de gunning litte sa't dy is en dat betsjut dat der gjin plak mear is foar skieppehoeder Sam Westra. De gunning giet nei 'De Wylde Weide' út Tsjalbert. Alle partijen hawwe no tsien dagen de tiid om beswier yn te tsjinjen, mar neffens it aksjekomitee sille sy dat net dwaan. Se hoopje dat se fia de politike en maatskiplike druk ta in oplossing komme sille foar Sam en syn skiep. Se hawwe de gemeente foarsteld om Westra yn leantsjinst te nimmen en De Wylde Weide in oare lokaasje oan te bieden. Op dat foarstel hat de gemeente noch net reagearre.