Irakese Fries wint priis yn Koeweit foar skilderij

In Koeweitske priis foar in Fryske keunstner mei Iraakse roots. Sattar Kawoosh út Drachten krige ferline wike yn Koeweit de gouden priis foar syn skilderij 'Liefde onder de paraplu'. Ut 60 keunstners fan ferskate lannen kaam dit skilderij as bêste út 'e bus. In grutte eare foar de keunstner dy't al sûnt 1999 yn Nederlân wennet en troch de leafde foar in Fryske frou yn Fryslân terjochte kaam is.
Karwoosh makket keunst dêr't East en West bymekoar komme, mei in eigen styl en technyk. De skilderijen fan de 54-jierrige Drachtster binne op dit stuit te sjen yn museum Nienoord yn Leek.