Eigener fan partij sulverwurk is fûn

De eigener fan it sulverwurk dat moandei yn Ljouwert fûn waard, is bekend. Neffens de plysje wie de tas fol mei sulverwurk stellen by in ynbraak. Nei oanlieding fan de berjochtjouwing hat de eigener him melden.
De tas mei sulveren leppels, foarkjes, opskepleppels, in servetring en in taartskeppe waard juster yn it Westerpark fûn troch in groepke boartsjende bern.