Bou topsportsintrum Grins begjint

Topsportsintrum Grins © Leeuwenkamp Architecten Alkmaar
Boubedriuw Friso út Snits is begûn mei de bou fan in nij topsportsintrum yn Grins. Yn it gebou komt in grut trainingssintrum en ek FC Grins sil dêr gebrûk fan meitsje. It gebou komt oan de A7 en krijt in opfallende griene bûtenkant. Friso sil it gebou ierdbevingsbestindich bouwe. Op dit stuit wurde de tariedingen foar de bou dien, fan 't simmer set it echte wurk útein. Doel is dat it gebou in jier letter klear is.