Kollum: "Mein Kampf: it súkses"
"Santich jier lang hie de Dútske dielsteat Beieren de auteursrjochten fan Hitler syn ‘Mein Kampf’ yn hannen. Yn 2015 ferfoelen dy rjochten omdat it santich jier lyn wie dat Adolf Hitler stoar. Op acht jannewaris 2016 waard ‘Mein Kampf’ opnij útjûn troch it ferneamde Institut für Zeitgeschichte yn München.
In krityske edysje mei wittenskiplik kommintaar, sa’n 3700 fuotnoaten. Dy wiene nedich, sei histoarikus Dr. Christian Hartmann, om it debat te objektivearjen en tsjinwicht te bieden oan de net-filtere fersprieding fan Hitler syn propaganda. In belangrike opmerking fan Dr. Hartmann, dy’t jim even ûnthâlde moatte.
Ik ha altyd tsjin it ferbieden fan boeken west, tsjin in tink- of gedachteplysje dy’t seit wat ik wol of net lêze moat. Boppedat: hoe kin je kritysk wêze op boeken as je se net lêzen ha? Op harren wearde of non-wearde skatte kinne? Tagelyk is it sa dat je Mein Kampf net lêzen hoege te hawwen om de Twadde Weareldoarloch te begripen, of Das Kapital fan Marx net om it kommunisme te fetsjen. It giet der primêr om dat je dy boeken yn alle frijheid ta je nimme kinne.
Likegoed bin ik ynnommen mei it súkses fan de krityske edysje fan Mein Kampf. Elkenien kin no op in ferantwurde wize sjen hoe’t de Holocaust ûntstean koe, wat de gefolgen binne wannear’t autoritêre politike opfettings foar master opslagge, hoe’t in ideology yn hannen fan fanatike en machtige minsken ta it ultime kwea liede kinne. Hitler syn gedachten wurde folslein dekonstruearre, myten, leagens en heale wierheden ûntmaskere. It belang fan in krityske edysje fan sa’n boek is net te ûnderskatten.
Wat my dan wer op it folgjende bringt. Hoe liket it mei in krityske edysje fan bygelyks de Bibel en de Koran? In ferzy mei ferklearjende oantekeningen dy’t de lêzer de gefolgen sjen lit fan autoritêre religieuze opfettings. Om, sa’t Dr. Hartmann it sei, it debat te objektivearjen en tsjinwicht te bieden oan religieuze propaganda. Want yn dy boeken giet it oer bernemoard en genoside, oarloch en haat, homo’s dy’t dea moatte, oer liifstraffen en stiennigjen, it rjochtfeardigjen fan slavernij en ferkrêftsjen, oer it ûnderdrukken fan Joaden en kristenen, oer ksenofoby, en oer oarlochssuchtige en opstokeljende taal dy’t oant de dei fan hjoed ta bluodrige oanslaggen liede. Dat rychje kinne jim oars sels ferdiele oer beide boeken, der sit hjir en dêr wol in oerlaping yn.
Ik kom dêrop troch Mein Kampf. Adolf Hitler wie in leauwich man, en ien fan syn grutte helden wie tsjerkefoarst Maarten Luther, dy’t er yn Mein Kampf ‘ien fan de grutse Dútsers oait’ neamde. Hitler syn joadehaat is ynspirearre wurden troch Maarten Luther syn stik ‘Over de Joden en hun leugens’, it meast haatlike anty-semityske pamflet dat der is. Dat haatpamflet fan Maarten Luther hat yn 2006 ek in krityske edysje krigen, besoarge fan René Süss. Hoe soe de skiednis ferrûn wêze oft soks der earder west hie?
Werom nei de Bibel en de Koran. Hoe langer ’t ik it yn my omgean lit, hoe mear ’t ik krityske edysjes fan ek dy boeken winsklik en ferstannich achtsje. Om dingen yn in kontekst te pleatsen. Om der fan leare te kinnen."
Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.