Rêdingsboat sleept garnalekotter nei haven Lauwerseach

De LO14 wurdt nei de haven sleept © KNRM
Garnelefiskersskip LO14 is moandei yn problemen rekke foar de kust fan Skiermûntseach. Dat meldt de KNRM. It skip hie maleur mei de motor en de skipper sloech dêrom alarm. De ferfangende rêdingsboat De Christien is nei it skip ta fearn en hat it op sleep naam. It skip is dêrnei yn goede oarder nei de haven fan Lauwerseach ta brocht.