Fytstunnels moatte oerstek N359 feiliger meitsje

De FNP wol in oersjoch fan alle (hast-)ûngelokken fan de N358, de Sudergoawei, hjir de ôfslach nei Kipenburch © Google Streetview
By Kipenburch en Rûgehuzen is neffens de FNP-steatefraksje ferlet fan feiliger fytsoerstekplakken yn de provinsjale dyk N359. De fraksje wol in oersjoch fan alle (hast-)ûngemakken op de krusingen tusken Koudum en De Lemmer. Dêrneist wol de fraksje fan Deputearre Steaten witte oft se ree binne om fytstunnels oan te lizzen. Neist de eigen bewenners, soene ek toeristen yn Gaasterlân profitearje kinne fan in feiliger oerstek fan de Sudergoawei.