Dokkum krijt sân stielen huzen

Oan de Alde Terp yn Dokkum is in begjin makke mei de bou fan sân stielen huzen. De huzen wurde boud sa't oant no ta foaral loadsen en stâlen boud wurde: mei in stielen konstruksje en sandwichpanielen. Se ha net in soad ûnderhâld nedich, ek al omdat se bygelyks keunststof kezinen en in beskermjende bûtenlaach krije. Boppedat wurde de huzen oplevere mei in waarmtepomp en mei sinnepanielen. De bou duorret nei alle gedachten fjouwer of fiif moannen.