Gebou yn Noardwâlde sletten om himpkwekerij

© Omrop Fryslân
Boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf hat in gebou oan de Oostvierdeparten yn Noardwâlde slute litten, omdat der in hennepkwekerij yn siet. De sluting jildt foar seis wiken. De plysje, brânwacht en de gemeente Weststellingwerf wurkje aktyf gear by de oanpak fan himpkwekerijen. Sûnt ferline jier binne der meardere kwekerijen by minsken thús oprôle. Boargemaster Van Klaveren seit dat der hurd optreden wurdt omdat de kwekerijen faak brângefaarlik binne. En se taapje meastentiids ek yllegaal stroom ôf.