Boer Olke fernuvere troch grutte oantal brieven

Boer Olke wie tefreden mei 30 brieven, mar hy krige der 206. De Fries om utens  yn Texas wie bot fernuvere oer it grutte tal brieven dat er krige, snein yn it telefyzjeprogramma Boer Zoekt Vrouw. "Moet ik door al die brieven heen? Ik hoef er maar tien uit te zoeken!", sa sei er. Boer Olke hie twa sussen meinaam om him te helpen by it trochlêzen fan de brieven.
Olke wie eins op syk nei in frou sûnder lytse bern. Dochs waard er daliks rekke troch in brief fan júst in frou mei bern en wol er har in kâns jaan.