Twa winners op Ljouwerter Kabaret Festival

De winners fan it Ljouwerter Kabaret Festival 2017
De fyfde edysje fan it Ljouwerter Kabaret Festival hie sneon twa winners. De sjuerypriis wie foar Daan van der Hoeven, de publykspriis gong nei H.H.H. Overdijk & Kola. Op it poadium fan stedsskouboarch De Harmonie gong de finalestriid tusken fjouwer oanstoarmjende kabarettalinten. Beide winners krije in plakje in de programmearring fan De Harmonie. Kommend seizoen of it seizoen derop sille se mei in dûbelprogramma yn de skouboarch stean.